Ynkassoburo's hawwe it drok

24 feb 2009 - 11:15

Ynkassoburo's yn Fryslân hawwe sûnt oktober sa'n tweintich prosint mear opdrachten. Dat seit Paul Otter fan ynkassoburo Incassade yn Ljouwert.

Otter is de fertsjintwurdiger fan it noarden yn de lanlike ferfiening fan doarwarders. De taname is it gefolch fan de kredytkrisis. Sawol bedriuwen as partikulieren wurde troch dy krisis troffen. Neffens Otter sil it tal opdrachten de kommende tiid noch fierder groeie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)