Ynje-monumint fan sokkel lutsen

08 nov 2005 - 10:42

In part fan it Ynje-monumint yn it Ljouwerter Rengerspart is sneintenacht skânsearre. It byld fan 'e jonge soldaat is fan 'e sokkel lutsen. It is net foar it earst dat it monumint troch fandalen fernield wurdt. Der waarden earder rassistyske gjalpen op kalke.

De stifting Indiëmonumint Fryslân is ferslein troch de fernielderij. De stifting draait ek op foar de kosten. Nei alle gedachten rint dat yn 'e tûzenen euro's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)