Ynintingsaksje tsjin meningokok

13 maaie 2002 - 00:00

Sa'n 145.000 Fryske bern krije fan nije wike ôf in oprop yn 'e bus foar it ynintsjen tsjin meningokok, type C. De bern fan 1 oant 5 jier en fan 15 oant 18 wurde yn juny yninte. De oare groep folget yn septimber.

Om organisatoryske redenen wurdt mar yn 19 Fryske gemeenten op lokaasje yninte. Bern út de oare 12 gemeenten moatte nei ien fan dizze lokaasjes ta foar in prip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)