Yninting kowegryp net ferplichte

26 nov 2000 - 17:45

De ferplichte yninting tsjin kowegryp is fan 'e baan. Boere-organisaasje LTO koe dêr gjin twa tredde mearderheid foar fine. Mar 61 prosint stimde foar.

De LTO ferwachtet dat in soad boeren har kij wol frijwillich faksinearje litte tsjin de sykte. Foar de fakgroep molkfeehâlderij is de útslach in grutte ôffaller. Us lân soe dêrmei achterop reitsje yn it bestriden fan 'e IBR-gryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)