Ynhelslach noardlike ekonomy

09 sep 2010 - 14:36

Noard-Nederlân hat syn ekonomyske achterstân op de rest fan it lân de ôfrûne jierren aardich ynrûn, mar noch net fuortwurke. Dat docht bliken út ûndersyk nei de effekten fan it regionale beleid op de ekonomy yn de trije noardlike provinsjes.

It jild dat it noarden krigen hat fan it Ryk is foaral brûkt foar de ûntwikkeling fan de kennisekonomy. It tal minsken mei in hege oplieding is yn de perioade fan 2000 oant en mei 2009 tanommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)