Ynhelslach brânwacht Opsterlân

13 jan 2004 - 00:00

De brânwacht yn Opsterlân is hast klear mei it ôfjaan fan fergunnings foar brânfeiligens. Ein desimber ferline jier hie 95% fan 'e iepenbiere gebouwen sa'n fergunning, twa jier dêrfoar wie dat noch 40%. De gemeente hat de achterstân fuortwurke troch nij personiel oan te nimmen.

Oanlieding fan de ekstra ynset wie de kafeebrân yn Volendam, trije jier ferlyn. Doe leine in soad gemeenten achter mei gebrûkersfergunnings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)