Yngreven ûndersyk nei JSF

03 feb 2009 - 22:51
  • De JSF jout mear leven as de F16, mar hoefolle mear is net dúdlik

It rapport fan de Algemiene Rekkenkeamer toant oan dat it kabinet yngreven ûndersykje moat wat de gefolgen wêze sille fan de komst fan de JSF. Dat seit Geert Verf fan de Kommisje Lûdshinder fan de fleanbasis Ljouwert.

No't de Rekkenkeamer fynt dat Definsje te iensidige ynformaasje oer de JSF oan de Twadde Keamer ferskaft hat, fynt Verf dat sa'n risiko ek foar it ûndersyk nei de mooglike lûdshinder fan it fleantúch jilde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)