Yngong MCL-súd komt op oar plak

29 sep 2001 - 00:00

Besikers en pasjinten fan it Ljouwerter sikehûs MCL-súd moatte fan takom sneon ôf op in oar plak it sikehûsterrein op. Der kin oant 2003 gjin gebrûk makke wurde fan de yngong oan de Henri Dunantwei.

Besikers moatte dan fia de ynritten oan de Oostergowei en de Borniastrjitte. Dit hat te krijen mei de ferbouwing fan it sikehûs. Takom sneon wurdt ek de nije parkeargaraazje yn gebrûk nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)