Yngling-sylteam no op fyfde plak

19 aug 2004 - 13:11

It Yngling-sylteam fan Petronella de Jong is yn Athene yn it tusken- klassemint sakke fan it fjirde nei it fyfde plak. Petronella en har beide kollega's kamen woansdei yn de achtste Olympyske race as 13de binnen. Yn de sânde wedstriid, earder op de dei, waarden se achtste.

It team stiet no alve punten achter op de nûmer trije yn it klassemint, mei noch trije wedstriden te silen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)