Ynfrareadkamera's oan de dyk

12 des 2011 - 12:04

Rykswettersteat is begûn mei it pleatsen fan ynfrareadkamera's by de Fryske diken. Dêrmei mjit Rykswettersteat hoe drok oft it is en hoe lang auto's oer in stik dyk dogge. De kamera's wurde net brûkt om hurdriders te registrearjen foar boetes.

As bliken docht dat op in dyk faak te hurd riden wurdt, dan kin Rykswettersteat de plysje wol freegje om dêr te kontrolearjen. Yn de rin fan 2012 wurde mear peallen mei kamera's pleatst. Yn it hiele Noarden komme tusken de seishûndert en sânhûndert fan sokke peallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)