Ynfraread brûke op rêdingsboaten

15 feb 2001 - 15:54

Rêdingsboaten fan de KNRM moatte ynfrareadkamera's krije. Dêrmei wurdt de kâns op it finen fan drinkelingen fergrutte. De oanbefelling komt fan de Ried fan de Transportfeilichheid. De Ried die ûndersyk nei de dea fan in fisker en syn bern ferline jier.

De KNRM eksperimintearret op it stuit mei kamera's. De Maatskippij hopet dit jier in kar te meitsjen foar de oanskaf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)