Ynfosintrum foar pylgers

08 apr 2011 - 14:44
  • Foto's: Omrop Fryslân

Sint-Jabik hat in nij ynformaasjesintrum foar pylgers dy't te foet nei Santiago de Compostela yn Spanje geane. It sintrum sit yn de alhiel opknapte Groate Kerk yn it doarp. It ynfosintrum is fan it Nederlânsk Genoatskip fan Sint Jakob.

De restauraasje fan 'e Groate Kerk wurdt freedtemiddei offisjeel ôfsletten. It gebou is fernijd en ek flink enerzjysuniger makke om de hege stookkosten te drukken. De restauraasje hat 9 ton koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)