Ynformative bijestâl yn Drachten

04 sep 2004 - 14:40

Yn Drachten is sneon in ynformative bijestâl iepene op it folkstúnkompleks de Zandige Wijk. De bou is in inisjatyf fan de Drachtster túnderferiening en de bijehâldklub fan Beetstersweach.

It gebou koste 30.000 euro en is betelle troch de gemeente Smellingerlân en de provinsje. Wethâlder Rozema wie útnoege om de stâl te iepenjen. It doel fan it bije-ynformaasjesintrum is om minsken mear te fertellen oer de geheimen fan de bijewrâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)