Ynformateur foar weryndieling

17 jul 2008 - 10:52
  • Harm Bruins Slot

De Súdwesthoeke hat in ynformateur oansteld foar it weryndielingsproses yn de regio. It is âld-foarsitter Harm Bruins Slot fan de Nederlânske Publike Omrop. Hy hat as opdracht om de ferskate farianten fan de weryndieling yn byld te bringen en te sjen hokker de measte kâns fan slagjen hawwe sil.

De 59-jierrige Bruins Slot sil foarearst wurkje yn opdracht fan de gemeenten Boalsert, Gaasterlân-Sleat, Wymbritseradiel, Wûnseradiel, Snits en Nijefurd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)