Ynformaasjesintrum siket help

19 jul 2012 - 10:49
  • De bûlevaar yn Makkum

Makkum is op syk nei frijwilligers foar it nije toeriste-ynformaasjesintrum yn it doarp. Dat is koartlyn iepen gien. It grutste diel fan de wike is dat ûnbemanne, mar op sneontemoarn en yn de fakânsjes soene der wol minsken yn it sintrum stean moatte.

It sintrum bestiet út in grutte skildering fan Makkum, dêr't bedriuwen en organisaasjes yn de stêd har mei folders presintearje kinne. Troch weromrinnende subsydzjes is it net mear mooglik om betelle krachten yn it sintrum yn te setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)