Ynformaasjepylders oan râne park

06 jul 2004 - 15:16

Nationaal Park it Drents-Friese Wold wol de wyldgroei fan buorden oanpakke yn it sintrum fan it gebiet. In soad buorden sille fuort moatte en yn 't plak dêrfan komme der nije ynformaasje- pylders oan de râne fan it gebiet. Fiif yn Drinte en fiif yn Fryslân.

As de nije ynformaasjepylders goed befalle, wurde se ek yn de rest fan it lân by Nasjonale Parken brûkt. De hoop is dat automobilisten aanst ek minder faak it gebiet ynride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)