Ynformaasjenûmer Antillenflat

23 maaie 2011 - 16:18

De gemeente Ljouwert iepenet in ynformaasjenûmer foar alle fragen oer de Antillenflat. Elk dy't fragen hat oer de gefolgen fan it ûngelok mei de galerij, kin belje mei 058-2334040.

Om healwei ienen moandei stoarte de galerij fan de tsien ferdjippingen hege flat nei ûnderen en naam ûnderweis alle ûnderlizzende galerijs mei. Gjinien rekke ferwûne, mar alle bewenners binne evakuearre en kinne net werom nei hûs oant de oarsaak bekend is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)