Ynformaasjejûn oer nije skûtels

01 feb 2005 - 13:44

Kollumerlân hâldt nije wike in ynformaasjejûn foar omwennenden fan it grûnstasjon yn Boerum. Definsje wol dêr in tal skûtels delsette, dy't brûkt wurde om telefoanferkear fan terroristen ôf te lústerjen. De ynformaasjebyienkomst is bedoeld foar omwennenden, dy't net by de behanneling fan it punt yn de rie west ha.

Earder wiene bewenners fan Zoutkamp tsjin de komst fan de skûtels. Kollumerlân ferwachtet minder beswieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)