Ynformaasjejûn oer gaswolk

09 nov 2009 - 15:33
  • De wolk salpetersoer fan ôfrûne freedtemoarn (foto: Jaring Rispens)

Foar ynwenners fan Dronryp wurdt no woansdei in ynformaasjebyienkomst hâlden oer de 'ramp' mei it frijkommen salpetersoer fan ôfrûne freedtemoarn.

Fertsjintwurdigers fan 'e helpferliening, de gemeente Menameradiel en Friesland Campina sille dan fragen en opmerkings beanderje. De byienkomst wurdt hâlden yn 'e kantine fan it tsiisfabryk yn Dronryp. Hy begjint om 8 oere jûns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)