Ynformaasjejûn needopfang smyt wikseljende reaksjes op

24 sep 2015 - 19:54
  • In folle seal by de ynformaasjegearkomste oer de flechtlinge-opfang yn Ljouwert

De drok besochte ynformaasjegearkomste oer de komst fan in needopfang nei it WTC-Expo yn Ljouwert soarge woansdeitejûn foar wikseljende reaksjes. Guon fan de fiifhûndert besikers hat soargen oer de feilichheid, oaren fine dat de gemeente Ljouwert der goed oan docht dizze flechtlingen te helpen. Henk Wolthof fan it COA seit dat hy dy eangst goed begripe kin. Mar by soartgelikense needopfanglokaasjes yn Zwolle en Assen bin kwalik ynsidinten. Wolthof hat in goed gefoel oerhâlden oan de gearkomste en wol fierder mei de planmakkerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)