Ynformaasjejûn earmoedbelied

18 feb 2007 - 13:00

De Partij van de Arbeid yn Dongeradiel organisearret no freed in ynformaasjejûn oer earmoedbelied yn restaurant De Posthoorn yn Dokkum.

De partij wol graach witte wat minsken goed en net goed fine oan it earmoedbelied. De útkomsten brûkt de riedsfraksje om der fierder mei oan de slach te gean. Op de jûn komt in wethâlder út Utert om te fertellen oer syn ûnderfinings. Fierder wurkje guon provinsjale politisy mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)