Ynformaasjebyienkomst oer brân

21 maaie 2010 - 13:46
  • De brân yn Haulerwyk (foto: Harm Weistra, Omrop Fryslân)

Der komt mooglik freedtejûn al in ynformaasjegearkomste yn Haulerwyk oer de brân yn it doarp. Fjouwer bedriuwshallen fan Bolk Constructie binne by dy brân ferlern gien. Op it stuit binne acht brânwachtkorpsen mei 50 brânwachtminsken dwaande om de brân te blussen. Ek is der in gefaarlike stoffen spesjalist oanwêzich om ûndersyk te dwaan nei de reek.

Ek de miljeutsjinst en it wetterskip binne yn it doarp om te sjen nei miljeuskea.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)