'Ynformaasje wie net krúsjaal'

03 okt 2013 - 12:49
  • Hans Konst

De ynformaasje oer de wedstriid tusken de iisstadionplannen fan It Hearrenfean, Zoetermeer en Almere wie net folslein en dreech yn te skatten. Boppedat wie dy net krúsjaal foar it nimmen fan it beslút oer de nije iishal op It Hearrenfean. Dêrom hat deputearre Hans Konst dizze ynformaasje net priisjûn oan de steateleden yn desimber 2012.

Tongersdei waard bekend dat Konst dat op 14 desimber al wist. Op 19 desimber moasten Provinsjale Steaten in beslút nimme oft de provinsje 50 miljoen euro beskikber stelle soe foar de nijbou fan Thialf.

De PVV nimt it Konst bot kwea ôf dat er de steaten net folslein ynformearre hat. Ek de VVD en it CDA wolle sa gau as mooglik opheldering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)