Ynformaasje oer wurk Appelskea

09 sep 2014 - 14:26

Steatsboskbehear, de gemeente Eaststellingwerf en Pleatslik Belang Appelskea organisearje op tongersdei 25 septimber in ynformaasjejûn oer de wurksumheden oan de Skieppedrift en Hildenberg yn Appelskea. Beammen dy't te ticht op de dyk steane wurde omseage en oerhingjende takken fuorthelle. Dêrmei moat de ferkearsfeiligens grutter wurde.

De diken wurde tydlik ôfset foar de wurksumheden, mar bewenners kinne wol by harren hûs komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)