Ynfopanielen oan Middelseerûte

10 apr 2009 - 14:47
  • Ynformaasjebuorden oan de Middelseerûte

Der komme acht ynformaasjepanielen te stean by stegers yn de Middelseerûte. Doel is om de wettersporters safier te krijen dat se út de boat komme. Mei de VVV-buorden wurde se útnoege om de doarpen te ferkennen. De panielen binne ûntwikkele troch de gemeente Littenseradiel en de VVV. Ek doarpen yn Wymbritseradiel oan de rûte krije in ynformaasjepaniel.

Se komme te stean yn Mantgum, Easterwierrum, Boazum, Britswert, Skrins en Skearnegoutum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)