Ynfopakket foar wettersporters

28 apr 2008 - 17:16

Wettersporters dy't dizze simmer in besite bringe oan Ljouwert krije in spesjale ynformaasjetas.

De gemeente hopet de besikers sa in goed oersjoch te jaan fan wat der te dwaan is yn Ljouwert. Yn de tas sitte ûnder oaren in wetterkaart, in plattegrûn fan de stêd en in oersjoch fan eveneminten. De havenmasters krije de taak it ynformaasjepakket oan de wettersporters út te dielen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)