Ynfonûmer wurksumheden Wâldwei

17 maaie 2004 - 00:00

De ferdûbeling fan de Wâldwei is moandei begûn. De boukombinaasje is dwaande mei it graven en ferlizzen fan sleatten by it stik dyk tusken Garyp en Nyegea. Dat is nedich om't de wetterhûshâlding yn it gebiet troch de ferdûbeling feroaret.

Foar minsken dy't witte wolle hoefolle oerlêst oft de wurksumheden jouwe, is in spesjaal tillefoannûmer ynsteld. Dat is 0900 - BEL RW 31 oftewol 0900 - 235 79 31.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)