'Ynfojûnen foar nije ynwenners'

24 jan 2005 - 10:35

De gemeente Ljouwert moat ynformaasje- jûnen foar nije ynwenners organisearje. Dat fynt de VVD-fraksje fan Ljouwert. Nije ynwenners fan Ljouwert krije no in wolkomstpakketsje. Oare gemeenten organisearje lykwols ynformaasje- gearkomsten. De nije ynwenners kinne dan yn de kunde komme mei it bestjoer en it wurk fan de gemeente.

No't de restauraasje fan it stedhûs klear is, soe soks ek yn Ljouwert kinne, fynt de VVD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)