Ynfojûn oer wurk fan riedslid

16 jun 2009 - 09:17

In lytse tweintich minsken ha ynformaasje krigen oer it riedswurk yn Kollumerlân. Se kamen moandei byelkoar op it gemeentehûs om har ynformearje te litten. De jûn is belein mei it each op de gemeenteriedsferkiezings fan takom jier.

De gemeente is tefreden oer de opkomst en hopet dat de jûn soarge hat foar ekstra belutsenheid by de lokale polityk en ynteresse yn it wurk fan in riedslid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)