Ynfojûn oer heechspanningsnet

17 okt 2012 - 14:59
  • Heechspanningskabels

Minsken dy't yn it gebiet wenje dêr't in heechspanningsferbining oanlein wurdt, kinne ynkoarten mear oer it projekt hearre op in tal ynformaasjejûnen. Yn novimber wurde seis ynrinjûnen organisearre yn Fryslan, Grinslân en Flevolân. Meiwurkers fan it ministearje fan Ekonomyske Saken en fan Ynfrastruktuer en ek fan netbehearder Tennet jouwe dan tekst en útlis oer de proseduere en de kar fan it trasee. It nije heechspanningsnet rint fan de Eemshaven fia Fryslân nei Ens yn Flevolân.

De ynfojûnen yn Fryslân binne op 12 novimber yn Akkrum, op 13 novimber op De Jouwer en op 19 novimber yun Burgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)