Ynfojûn foar bewenners

19 nov 2012 - 15:34
  • Plysje yn Aldwâld

Ynwenners fan Aldwâld en De Westereen wurde tiisdeitejûn ynformearre oer de ûntwikkelings yn de saak-Vaatstra. De gemeenten Kollumerlân en Dantumadiel hâlde ynformaasjegearkomsten om fragen te beantwurdzjen en om ynwenners gelegenheid te jaan mei-inoar te praten oer it nijs fan de oanhâlding fan de Aldwâldster Jasper S.

Plysje en justysje sille oanwêzich wêze op de gearkomste. Beide jûnen binne allinnich tagonklik foar ynwenners. Yn Aldwâld begjint it om sân oere, op De Westereen om kertier foar njoggenen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)