Ynfojûn Dockumer Lokaaltsje

17 jan 2014 - 12:13
  • By in eardere spoaroergong by Mitselwier waarden Andreaskrusen delset

Sa'n 200 belangstellenden kamen tongersdei nei de ynformaasjejûn oer de plannen foar it Dockumer Lokaaltsje. It plan is om it âlde spoar tusken Ljouwert en Dokkum, dat rint troch de gemeenten Ljouwerteradiel, Ferwerderadiel en Dongeradiel, yn eare te herstellen.

De stifting Noord Friesche Lokaal Spoorwegmaatschappij hie de jûn organisearre, om stipe foar it plan te krijen fan grûneigeners, ûndernimmers en politisy. It soe in grutte toeristyske ympuls betsjutte kinne foar Noardeast-Fryslân, bygelyks foar rekreaasjeûndernimmers oan de rûte.

Yn it plan stiet ûnder oare it idee om mei spoarfytsen oer de spoarline te riden. De stifting is al begong mei it pleatsen fan spoar-attributen. Ofrûne wike binne by in eardere spoaroergong by Mitselwier Andreaskrusen delset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)