'Ynfoegje op A7 is aaklik'

19 mrt 2012 - 16:02
  • Gerrit Schenk, Rykswettersteat

Autobestjoerders op de A7 fine foaral de yn- en de útfoechstroken grizelich, benammen froulju. Dat docht bliken út in enkête yn it ramt fan it projekt 'A7 Veilig' troch ûnder oare Rykswettersteat, de provinsjes en de plysje. Hast 1800 minsken diene dêroan mei. Sy hawwe argewaasje fan ûnnedich links riden en te ticht op inoar ride. It rydgedrach fan bussjauffeurs wurdt krekt as posityf ûnderfûn.

It is foar it earst dat sa'n grutte enkête dien is op in Nederlânske autodyk. De útkomsten wurde brûkt om ferkearskontrôles oan te passen.

Autobestjoerders fine it steurend dat oare automobilisten hieltyd ynhelje. De autobestjoerders fine fan harsels dat se wol goed ride. De flaters wurde benammen makke troch oaren. Wol jouwe se ta dat se wolris te hurd ride of te lang links ride, wylst dat net hoecht. De peiling ûnder ferkearsdielnimmers fan de A7 giet noch gewoan troch. De enkête is te finen op www.a7veilig.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)