Ynfoboerd oer oarlochsskiednis

16 jul 2014 - 15:01
  • Plakette Noarderleech

Yn it Noarderleech is woansdei in paniel ûntbleate mei ynformaasje oer de oarlochsskiednis fan it Noarderleech. It boerd stiet op it plak dêr't 71 jier lyn de Dútske piloat George Wilhelm delstoarte en omkaam by in oefening. It fleantúch leit der noch altyd, mar it leit te djip om op te graven. It is it iennichste Luftwaffe fjildgrêf fan Fryslân. It Noarderleech wie yn de Twadde Wrâldoarloch oefengebiet foar de Dútske fleaners dy't stasjoneard wiene op de Fliegerhorst yn Ljouwert.

Op inisjatyf fan de stichting Airmen Missing Airmen Memorial, It Fryske Gea en de gemeente Ferwerderadiel is it ynformaasjeboerd der kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)