Ynfo wangedrach boatsjeminsken

29 jul 2004 - 13:38

De ynformaasje oer boatsjeminsken dy't de kommende Snitswike foar tefolle oerlêst soargje, wurdt no detaillearder ferspraat as ferline jier. Doe waard dy ynformaasje foar it earst út Snits wei trochjûn oan de plysje en de gemeenten Wymbrits, Skarsterlân en Boarnsterhim. Dêr is no Nijefurd noch bykaam.

De ynformaasje jout no mear details om't ferline jier noch wolris de ferkearde minsken oansprutsen waarden op har gedrach yn de Snitswike.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)