Ynfo oer gryp by Snitswike

31 jul 2009 - 11:58
  • Besikers er dielnimmers Snitswike krije ynfo oer Meksikaanske gryp

Alle dielnimmers oan de Snitswike krije freed ynformaasje oer de Meksikaanske gryp. Dat bart by it útdielen fan de programboekjes. Ek besikers fan de Snitswike wurde op 'e hichte brocht. It protokol dêr't yn stiet hoe mei de gryp om te gean wurdt ek op kampings ferspraat.

De organisaasje fan it Snitser evenemint hat op besite west by de organisaasje fan de Nijmeegse Vierdaagse om te fernimmen hoe't se dêr omgongen mei de Meksikaanske gryp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)