Ynfo mes frege saak-Heijltjes

05 feb 2013 - 10:53
  • mes Heijltjes
  • mes Heijltjes

De plysje is yn de saak-Heijltjes op syk nei ynformaasje oer in mes. Dat waard fûn yn it ûndersyk nei de dea fan de frou út Easterwâlde. Op it bûsmes stean de inisjalen WH. Tiisdeitejûn wurdt yn it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht omtinken jûn oan de saak. Dan wurdt it mes ek sjen litten. Ofrûne freed waard de 37-jierrige fertochte yn de saak frijlitten, omdat der net genôch reden is om him langer fêst te hâlden. Hy bliuwt wol fertochte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)