Ynfiering OV-chipkaart útsteld

29 aug 2010 - 12:13
  • Grinslân en Drinte binne noch net oan de OV-chipkaart ta

De provinsje stelt de ynfiering fan de OV-chipkaart út fan mids oktober oant begjin desimber. Yn Fryslân is alles wol klear foar de ynfiering fan de chipkaart, mar yn Grinslân en Drinte binne se noch net safier. Omdat de trije provinsjes mei-inoar kampanje fiere soene, hat de provinsje no besletten de ynfiering út te stellen.

De provinsje bestriidt de krityk fan GrienLinks en de SP dat de needsaaklike apparatuer noch net genôch oanwêzich wêze soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)