Ynfaller yn wenhûs Sontdwersstrjitte hie panykoanfal

09 mrt 2015 - 09:50
  • De man sloech it rút fan de foardoar yn en rekke dêrby ferwûne

De man (27) dy't sneintemoarn in wenhûs oan de Sontdwersstrjitte yn Ljouwert ynfoel en dêrby ferwûne rekke, hie in oanfal fan bangens. Hy hie kokaïne naam yn kombinaasje mei alkohol en rekke yn panyk.

De man fernielde it rút fan 'e foardoar en rekke ferwûne. De bewenners warskôgen de plysje. Dy stelde in ûndersyk yn. De man sei dat er mishannele wie troch twa oare manlju en dat dy achter him oan sieten. Ut it ûndersyk die bliken dat dat sa wie. De man is yn it sikehûs behannele oan syn ferwûnings.

Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)