Ynfallen by Rendac

24 apr 2002 - 00:00

Plysje en justysje hawwe in ynfal dien by Rendac yn Burgum. Oanlieding is de yllegale opslach fan bistemoal, ferline jier. Nei de BSE- en tongblierkrises mocht dat net mear yn feefoer ferwurke wurde. De foarrieden waarden sa grut dat se earne oars opslein wurde moasten.

Ek by de Rendac-festiging yn Son (NB) is kontrolearre. Justysje wol gjin taljochting jaan op de ynfallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)