Ynfal yn himpkwekerij

16 apr 2003 - 00:00

De plysje hat woansdeitemoarn in ynfal dien by in yllegale himpkwekerij oan de Trekweg yn Parregea. Yn in loads stienen ûngefear tûzen wietplanten. De planten en de oanwêzige apparatuer binne yn beslach nommen.

By de ynfal hat de plysje trije manlju oanhâlden. It giet om in 30-jierige ynwenner fan Almere, in 36-jierige ynwenner fan Beverwijk en in 67-jierige man út It Heidenskip. De plysje hat se nei ferhoar wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)