Ynfal by Ljouwerter bedriuw: himpmateriaal yn beslach naam

27 maaie 2015 - 16:36
  • Himp

By in bedriuw oan de Zwettestraat yn Ljouwert hat de plysje tiisdei guod yn beslach naam, dat brûkt wurde kin by it opsetten fan in himpkwekerij. De plysje hie in lanlike aksjedei tsjin himpkwekerijen. Dêrby waarden op ferskate plakken yn Noard-Nederlân ynfallen dien.

Oan de Zwettestraat fûn de plysje in soad groeimiddel spesjaal foar himp, mar ek droechrekken, koalstoffilters en himpsied. Yn konteners njonken it bedriuw binne ek resten fan himpplanten oantroffen. Al it materiaal is ferneatige. Der is noch net ien oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)