Ynfal justysje by fiskgruthannel

22 des 2004 - 10:18

Justysje hat tiisdei yn ferbân mei in ûndersyk nei de yllegale hannel yn fisk in ynfal dien by in gruthannel yn Wâldsein. Dêrby binne in wenning en in bedriuwspân trochsocht. Yn ien fan de gebouwen waard de administraasje fan de gruthannel yn beslach nommen.

De ynfal waard dien op fersyk fan de FIOD, de Fiskale Ynljochtings- en Opspoaringstsjinst en de Ekonomyske Kontrôletsjinst yn gearwurking mei it fiskstreupersteam fan plysje Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)