Yndustry moat 'tûker' wurkje

11 feb 2014 - 16:19
  • Philips

Om yn de takomst de 'maakindustry' foar Noard-Nederlân te behâlden wol in groep bedriuwen en kennisynstellingen nije techniken ûntwikkelje. Soks is neffens it nije netwurk nedich om de konkurrinsje mei fabrikanten yn it bûtenlân oan te kinnen. Belutsen partijen wolle wurkje oan techniken dêr't bedriuwen mear en foutleaze produkten mei meitsje kinne.

Neist noardlike mkb-bedriuwen en ûnderwiisynstellings meitsje ek multynasjonals as Philips en Fokker diel út fan de ynnovaasjegroep. Yn april sil de groep him presintearje op de Hannover Messe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)