Yndoor-ljeprekord op 13 meter 86

19 des 2004 - 13:36

Foar it earst yn 'e skiednis waard sneon in binnendoar fierljepwedstriid hâlden. Dat barde yn it fierljepsintrum op 'e Westerein. De ljeppers wiene goed te sprekken oer it eksperimint. Se binne wiis mei de mooglikheid om no ek winterdeis ljeppe te kinnen. Se fûnen it wetter wol wat oan de kâlde kant, want dat wie mar in graad as seis.

De earste wedstriid waard by de senioaren wûn troch Erik Bos. Hy brocht it yndoor-wrâldrekord op 13 meter 86.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)