Yndiër mooglik nei Cambuur

28 okt 2008 - 15:15
  • Sunil Chhetri

De kâns is oanwêzich dat Cambuur him fersterkje sil mei Sunil Chhetri. Hy is Yndiaask fuotballer fan it jier 2007 en mei 35 doelpunten topskoarer fan it nasjonale alvetal. Ferline wike ha inisjatyfnimmers Cambuur benadere om Chhetri in wike op proef meitraine te litten. Direkteur Pama sjocht mooglikheden, foaral omdat it de klub in soad publisiteit opsmite sil. Ek sjocht hy yn Yndia nije mooglikheden foar de fuotbalskoalle fan Cambuur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)