Ynbringwinkel Appelskea ticht

07 okt 2011 - 17:03

It doek falt foar de ynbringwinkel yn Appelskea en dat is in strop foar minsken mei in lytse ponge. De winkel yn twaddehânsk guod draaide hieltyd better, omdat hieltyd mear minsken earmer wurde, seit Hanneke Boonstra. Sy is ien fan de tsien frijwilligers dy't der 31 desimber mei ophâlde.

De reden is dat de pleats Harambe, dy't se hast fergees brûke meie, ferkocht wurdt troch de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)