Ynbrekkers yn boatsje fûn

31 jul 2012 - 10:20

De plysje fertinkt in ynwenner fan Voorschoten en ien út Leiden fan ynbraak. De twa waarden fannacht oanhâlden op it Kleinzand yn Snits. Dat wie neidat bewenners fan de strjitte se op dakken rinnen sjoen hiene. De manlju wienen dêrnei útnaaid, mar waarden letter troch de plysje fûn yn in boatsje.

De twa ûntkenden dat se op de dakken west hiene, mar de ôfdruk fan in skoech bewiisde dat se der wol west hiene. De twa binne fêstset foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)