Ynbrekkers yn boat oanholden

22 aug 2011 - 10:05

Yn Ljouwert hat de plysje sneintenacht twa ynbrekkers oanholden dy't mei in boatsje in túnset stelle woene. Bewenners fan de Nijdamstrjitte waarden om tolven hinne wekker fan leven yn de tún. Ut it rút seagen se twa minsken fuortfarren yn in boatsje mei harren túnset.

De eigner, in 55-jierrige Ljouwerter belle de plysje en gie de dieven op de fyts achternei. By de brêge oer it Alddiel krige de plysje it boatsje yn de gaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)