Ynbrekkers yn Aldehaske oppakt

07 apr 2011 - 12:34

De plysje hat woansdeitenacht yn Aldehaske twa ynbrekkers oanhâlden. It giet om in 29-jierrige man út Aldehaske en in 24-jierrige man fan It Hearrenfean. In tsjûge belle de plysje doe't er seach dat beide manlju harren fertocht hâlden en droegen by in hûs oan 'e Jousterwei.

De plysjes seagen de beide mannen letter rinnen mei in stellen fyts en in boarmasine. Se sitte noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)